Untwerp rûnwei Bûtenpost klear

11 okt 2006 - 11:56

Nei tsien jier fan praten is it no definityf. De eastlike rûnwei by Bûtenpost komt der. De provinsje hat it ûntwerp fan de nije dyk klear en freget de Steaten no om tastimming foar oanlis fan de rûnwei.

It folsleine projekt kostet de provinsje 14 miljoen euro. De rûnwei moat derfoar soargje dat der folle minder ferkear troch it sintrum fan Bûtenpost komt. De provinsje krijt trije miljoen euro fan Prorail.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)