Ynformaasje oer 'griene streek'

11 okt 2006 - 11:53

De trije noardlike provinsjes sette út ein mei in kampanje om minsken derop te wizen hoe hurd se ride meie op diken dy't nije belining ha. Benammen de maksimale snelheid op de diken mei griene streek soarget foar betizing.

Mei buorden, folders en reklame's wurde automobilisten derop wiisd hoe hurd se ride meie. Ek yn Fryslân binne der guon diken wêrfan net dúdlik is hoe hurd je dêr ride meie. De folders lizze ûndere oare by de biblioteken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)