Acht fermiste AMA's weromfûn

It prostitúsjeteam fan de plysje Fryslân hat acht allinnichsteande minderjierrige asylsikers, de saneamde AMA's, út it yllegale minskehannel-sirkwy helle. De ama's komme út Nigeria. Twa fan harren binne oantroffen by in Frysk opfangadres.
De 6 oaren binne fûn op oare plakken yn Nederlân. In Afrikaanske man en in frou út Vlaardingen binne oanhâlden. Se wurde derfan fertocht dat se direkt belutsen binne by de saak.