Jan Siebelink te gast by LAS

© Omrop Fryslân
De koartlyn oprjochte stifting literêre aktiviteiten Snits, de LAS, wol yn it fuortset ûnderwiis byienkomsten mei skriuwers organisearje. De stifting hopet dat de jongerein sa mear ynteresse krijt foar literatuer.
Tiisdei wie de earste byienkomst fan de nije stifting. Skriuwer Jan Siebelink wie te gast by boekhannel Van der Velde om te praten oer syn boek 'Knielen op een bed violen'.