Foarsitter Comenius stapt op

© Omrop Fryslân
Direksjefoarsitter Cees Kuiper fan it Ljouwerter Comenius-kolleezje stapt om om in konflikt mei it skoalbestjoer. Kuiper en it skoalbestjoer kinne it net iens wurde oer de ôfstân dy't it bestjoer hâlde moat fan de deistige gong fan saken op de skoalle.
Yn it ûnderwiis moatte skoalbestjoeren hieltyd profesjoneler optrede, mar oer it tempo wêryn't dizze modernisearring op it Comenius trochfierd wurde moat, wiene beide partijen it net iens.