Museum net achter berekkenings

It Fries Museum kin him net fine yn de berekkenings dat de bou fan it nije Fries Museum folle djoerder wurdt as ferwachte. De inisjatyfgroep Sterk Fries Museum hat besifere dat de nijbou fan it museum op it Saailân yn Ljouwert wol 17 oant 20 miljoen djoerder wurde kin.
Yn in reaksje litten de meiwurkers fan it Fries Museum wite dat se net belutsen binne by dy berekkenings. De sifers fan it museum sels soene doge.