Kening Jordanië net nei Fryslân

10 okt 2006 - 16:55

De Kening en Keninginne fan Jordanië komme by de steatsbesite oan Nederlân dochs net nei Fryslân. De besite gie ferline jier net troch fanwege swiere oanslaggen yn 'e haadstêd Amman.

De besite is no ein oktober begjin novimber. Yn stee fan nei Fryslân gean de gasten nei Flevolân. Proefbuorkerij Bosma Zathe, it Poptaslot en it Van Hall Ynstitút yn Ljouwert krijt dus gjin hege besite. De gasten gean no ûnder oare nei de Bataviawerf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)