Heger berop deadlike strjitrace

10 okt 2006 - 15:36

De rjochtbank yn Ljouwert sil it heger berop behannelje fan twa manlju dy't by in strjitrace in lytse poppe deariden hawwe. It deadlik ûngelok barde yn Creil yn 'e Noardeastpolder.

Beide manlju binne earder foar dea troch skuld feroardiele troch de rjochtbank fan Lelystêd. Se krigen twa en oardel jier selstraf. Boppedat meie se fiif jier lang net autoride. De manlju gean no yn heger berop yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)