Plysje siket jonge ynbrekker

10 okt 2006 - 11:37

De plysje siket in jonge ynbrekker dy't moandei syn slach slaan woe yn 'e Julianastrjitte yn Snits. De bewenner fan it hûs kaam him oer it mad mei twa jildkistkes yn 'e hân. De jonge naaide út en de bewenners gie derachteroan.

Yn in dearinnende stege liet de dief de kistkes falle en klom oer in sket. Hy waard wei yn de rjochting fan de Sophiastrjitte. It giet om in blanke, frij lytse jonge mei koart donkerblond hier en in pûkelich gesicht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)