Utwreiding haven Harns net wis

De gemeente Harns en it CDA en de VVD yn de Twadde Keamer moatte noch mar ris goed neitinke oer in alternatyf foar de útwreiding fan de haven. Dat fynt minister Pieter Winsemius. It gemeentebestjoer wol de haven graach útwreidzje yn de rjochting fan de Waadsee. It kabinet is op de útwreiding tsjin, omdat soks skealik wêze soe foar de natuer.
Op 24 oktober stimt de Twadde Keamer oer de takomst fan it Waad.