Doarpen reitsje biblioteek kwyt

© Omrop Fryslân
De doarpen Minnertsgea en Menaam reitsje har biblioteek kwyt. Dat is ien fan de útkomsten fan in nij ûndersyk fan Biblioteken Noardwest Fryslân.
Ynstee fan in biblioteek krije dy doarpen en ek oare lytse doarpen in stipepunt. Sa'n stipepunt komt yn in skoalle of yn in doarpshûs. Der moat besunige wurde. De biblioteken fan bygelyks Harns, Sint Anne en Frjentsjer kinne útwreidzje.