Gefaarlike granaten yn 'e hûs

09 okt 2006 - 17:28

De eksplosive-oprommingstsjinst hat moandei twa skerpe hângranaten út it hûs fan de famylje Van der Wal yn Makkum helle. De projektilen komme út de Twadde Wrâldoarloch. De famylje hie se al jierren yn 'e hûs sûnder te witten hoe gefaarlik se wiene.

Kunde fan 'e famylje seach dat de pinne noch yn ien fan de granaten siet. De oprommingstsjinst hat de granaten fuortendaliks yn in stik greide by Makkum ûntploffe litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)