Eilânrie sil fideofergaderje

09 okt 2006 - 12:57

De eilânnerrie fergadert nije wike moandei foar it earst mei in fideo-systeem. De njoggentjin leden fan 'e rie sitte by de gearkomste yn 'e riedseal fan har eigen Waadeilân en hawwe kontakt mei-elkoar oer in byldskerm.

De leden hoege mei it nije systeem net mear te reizgjen en dat besparret tiid en jild. It fideosysteem is de ôfrûne oardel jier al faker brûkt, mar dan foar in folle lytsere besetting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)