Dûsjes Kealledykje wer feilich

De dûsjes yn it Ljouwerter swimbad Kealledykje binne wer feilich. Ut wettermûnsters docht bliken dat de legionellabaktearje fuort is. Twa wike ferlyn waarde de dûsjes ôfsletten foar publyk om't der legionella fûn wie.
Der binne gjin syktegefallen meld by de GGD nei oanlieding fan de besmetting by it Ljouwerter swimbad. De wetterlieding is trochspield mei hyt wetter om de besmetting te ferhelpen.