Titelstriid Muay Thai ûnjildich

09 okt 2006 - 10:43

De Europeeske Muay Thai-titelstriid dy't Peter Dollenkamp fan Snits sneon fjochte hat is ûnjildich ferklearre. De tsjinstanner fan Dollenkamp, Saphaprom Sophaprom, blykt nammentlik gjin Europeaan te wêzen. Sophaprom hat in Thai's paspoart en hie nea mei dwaan mochten oan de Europeeske striid.

Dollenkamp gie yn de earste ronde knock-out, mar krijt letter in nije kâns om de titel te pakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)