Autobrân oanstutsen mei túnstoel

09 okt 2006 - 10:19

De plysje docht ûndersyk nei brânstifting yn Boarnburgum. Sneintejûn waard by de plysje in autobrân melden op de Jouke Jochumwei.

Doe't de plysje by de auto kaam, die bliken dat neist de auto in brânend túnstuoltsje stie. De brân is nei alle gedachten oerslein nei de auto. De plysje sil ûndersykje wat der krekt foarfallen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)