Grinzers fêst om fjochterij

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne sneintemoarn trije manlju út Grins oanhâlden fanwege har belutsenheid by in fjochterij op 'e Nijstêd. In 22-jierige Ljouwerter rekke dêrby ferwûne.
It is net dúdlik hoe't de fjochterij ûntstien is. Wol hawwe hoarekaportiers noch besocht beide partijen útinoar te heljen. De manlju út Grins binne oanhâlden en sitte no fêst. De plysje stelt in ûndersyk yn.