Stipe foar flechtlingemoasje

09 okt 2006 - 09:40

In moasje fan Fryske D66'ers oer flechtlingen is oannommen op it lanlik kongres. Yn de moasje stiet dat it pardonbelied fan 'e D66-fraksje evaluearre wurde moat en dat de partij him bliuwend ynsette moat foar in pardon.

De moasje slút oan by de mieningen fan D66-kopstikken Pechtold en Van Mierlo. Dy fine dat minister Verdonk te lang omgriemd hat mei har flechtlingebelied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)