Auto stellen yn Grou

08 okt 2006 - 16:13
Foto: Omrop Fryslân

Yn de nacht fan freed op sneon is yn Grou in auto stellen. It giet om in swarte Saab 9-3, type 2.2T, mei kenteken 69-JK-LS. De auto waard stellen fan de oprit fan in wenning oan de Seinpôle.

Fan de dieder(s) wie gjin spoar. De auto wie krekt de dei dêrfoar kocht troch de bewenner, in 53-jierrige man, by in bedriuw yn de Haarlemmermeer.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)