Wurk oan de Wâldwei

It ferkear op de Wâldwei moat takom wike rekken hâlde mei fertraging. Fan 9 oant 12 oktober wurde de bjirmen meand. Dat bart op it stik tusken Himriksein en Oerterp Fallaat. It ferkear moat bûten de spits oer ien rydstrook.
Yn de nacht fan 12 op 13 oktober is it part Garyp - Himriksein folslein ôfsletten yn beide rjochtings. Der wurdt dan oan de dyk wurke.