Koos Tiemersma ferkeapet goed

De Sutelaksje fan stifting It Fryske Boek hat nei fiif wike goed 167.000 euro opsmiten. Benammen it boek ´It liet fan de ibis´ fan Koos Tiemersma docht it goed. Mar ek fan de wurken fan Hylke_Speerstra en Riek_Landman wurde der flink wat ferkocht.
By de berneboeken springe Auck_Peanstra en Lida_Dykstra der út. De sutelders binne noch in goede wike op ´n paad. Moandei binne se ûnder oare yn Oentsjerk en Mûnein.