CDA: 'Net twongen lân ferkeapje'

It Ryk moat boeren perfoarst net twinge lân te ferkeapjen om sa natuergebieten mei inoar te ferbinen. Oars wurdt it oarloch yn Fryslân, sa warskôge CDA-steatelistlûker Sjoerd Galema freed op in besletten gearkomste fan de gemeentlike CDA-kampanjeteams yn Ljouwert.
Neffens de Algemiene Rekkenkeamer wurde de natuergebieten net goed mei inoar ferbûn. Dêrom soene je boeren twinge moatte lân te ferkeapjen.