Topkonferinsje weryndieling

Kaart fan Fryslân
Mei de provinsje, de gemeenten en oare saakkundigen moat in topkonferinsje komme om de muoisume weryndieling yn Fryslân op gong te krijen. Dat fynt boargemaster Crone fan Ljouwert. Hy reagearret dêrmei op de kar fan Littenseradiel om as earste te praten mei Ljouwert oer gearwurking of fúzje.
Op de topkonferinsje soe ek de weryndieling yn Ljouwerteradiel en de rest fan Noardwest-Fryslân bepraat wurde kinne. Crone fynt dat it no allegear te stadich giet.
Crone wol graach gau in stevige lobby opsette yn De Haach, omdat de gemeenten allegear besunigings en feroarings te wachtsjen steane. Mei 27 boargemasters is dy lobby net effektyf, tinkt Crone.
Crone wol noch net ynhâldlik yngean op it fersyk fan Littenseradiel om te kommen ta weryndieling of fúzje mei Ljouwert. Littenseradiel wol ek prate mei Sudwest Fryslân. Boargemaster Hayo Apotheker sjocht wol mooglikheden.