Iepen dei Frijmitselderij

De iepen dei fan 'e Frijmitselders smiet sneon inkelde nije leden op, wylst dat net iens it doel wie. De dei is wol bedoeld om de frijmitselderij út 'e fage sfear te heljen.
De Frijmitsdelerij is gjin religy, mar mear in religieuze club. Sa leit yn Snits in bibel yn 'e loge, mar op oare plakken is dat in tora of in koran. De leden komme ien kear yn de wike byinoar. De iepen dei luts hûnderten belangstellenden.