Dief lit stellen truien falle

© Omrop Fryslân
Yn in winkel yn 'e Ljouwert Sint Jabikstrjitte besocht in man freed twa djoere truien te stellen. De ferkeapster hie de man op 'e kuer omdat er nuver die en de paskeamer útkaam mei de jas oan boppen ta tichtritst.
De man waard dûm en de winkelfrou wurke him de saak út. Doe liet er twa djoere truien falle. Hy hie de labels bewurke sadat er troch de befeiliging koe. De man is útnaaid.