Fytser krijt stange yn 'e foet

07 okt 2006 - 13:13

Yn Dokkum is freed in 61-jierrige man op in racefyts ferwûne rekke. Op de Burdaarderstrjitwei ried de Wynzer tsjin in puntige stange fan in trekker oan. De trekker stie dêr heal op de wei om balen strie op te pakken. Oan de achterkant sieten puntstangen op in heal meter boppe de grûn.

De fytser hie de stangen net sjoen en ried der fol tsjinoan. Ien fan de stangen kaam yn syn foet. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)