Frysk Hûs yn Ljouwert

Fryslân hat in Frysk Hûs en docht no mei yn Europa. Flaanderen, Wales en oare taalgebieten hawwe al lang fan dit soart fasiliteiten. It gebou De Bres yn Ljouwert moat it sintrum wurde fan Fryske en kulturele aktiviteiten en in moetingsplak foar Fryske en oare kultuerynstellings. Der is romte foar muzyk, teater, eksposysjes, lêzings en politike diskusje.
Wethâlder Bleize fan Ljouwert iepene it sintrum freed yn it Frysk.