Cambuur wint, Wesseling bliuwt

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn de wichtige wedstriid tsjin Fortuna Sittard wûn mei 2-1. De doelpunten fan de Ljouwerters waarden beide makke troch René van der Weij. Hy skoarde yn 'e 14e en 86ste minút. Ynfaller Daniel Voigt tekene yn 'e 51ste minút foar de tsjintreffer.
Cambuurdirekteur Alex Pama sei nei ôfrin dat trainer Roy Wesseling it fertrouwen wer hat en bliuwe mei. Oan dat beslút sitte gjin nije betingsten.