Undersyk nei selsmoard finzene

De Ryksresjerzje stelt in ûndersyk yn nei de selsmoard fan in man (39) yn finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert. De man, sûnder fêst wen- of ferbliuwsplak, siet sûnt 29 septimber yn foararrest op fertinking fan it plegen in swier misdriuw.
De man waard tongersdei út de tiid oantroffen yn syn sel. Hy hie in poging dien himsels te koart te dwaan. Hy waard yn kritike tastân nei it sikehûs brocht. Hy is freed ferstoarn.