Trein-nammen bekendmakke

06 okt 2006 - 16:48

Jopie Huisman, Foppe de Haan en Tiny Mulder. It binne nammen fan bekende Friezen dy't op de nije treinen fan Arriva komme te stean. Freedtemiddei binne 43 nammen bekend makke.

Kommissaris fan de Keninginne Hans Alders fan Grinslân ûntbleate by it stasjon yn Ljouwert as earste syn eigen namme op it treinstel. De nammen fan ferneamde noarderlingen binne oandroegen troch benammen ynwenners fan Fryslân en Grinslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)