ONS krijt keunstgersfjild

06 okt 2006 - 15:45

Fuotbalferiening ONS krijt it oare jier dochs in keunstgersfjild. De ried fan Snits hie dêrom frege, mar boargemaster en wethâlders woene earst de fjilden fan haadklasser Snits oanpakke. It kolleezje komt de ried no yn de mjitte.

Fuotbalferiening Snits krijt yn 2008 keunstgers. Dizze operaasje kostet mei inoar 120.000 euro. Fierders sille twa gymnastyklokalen yn de wyk Duinterpen omboud wurde ta in sporthal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)