Tal lisplakken Waad mei heger

06 okt 2006 - 15:26

It kabinet sil de plannen foar de útwreiding fan de jachthavens yn it Waadgebiet minder strang beoardiele. Dat docht bliken út de beantwurding fan fragen út de Twadde Keamer oer de kabinetsplannen foar it Waadgebiet.

It tal lisplakken mocht fan it kabinet de kommende jierren mar groeie fan 4400 nei 4600 plakken. De belutsen ministers skriuwe no dat se har net fêstlizze wolle oan it tal lisplakken en dat se dat punt wol oanpasse wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)