Koartingspas minima yn SWF

20 mrt 2012 - 15:22

Súdwest-Fryslân fiert in koartingspas foar minima yn, fergelykber mei de stadjerspas yn Grins of foarhinne de Lauwerspas yn Noardeast-Fryslân. De gemeente wol sa minsken mei in útkearing of in leech ynkommen koarting jaan op it museum, it teater of it swimbad.

De pas is ek te krijen foar alle oare ynwenners, mar dy moatte der dan 25 euro foar betelje. Súdwest-Fryslân freget bedriuwen yn de gemeente oft se ek meidwaan wolle oan de regeling. De koartingspas past binnen de nije minimaregelingen yn Súdwest-Fryslân.

De gemeente wol dy regelingen graach simpeler meitsje, sadat minsken dy't rjocht op fergoedingen ha, dêr ek echt gebrûk fan meitsje.

Trefwurden: 
minima koartingspas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)