Kafee Cambuur wer iepen

06 okt 2006 - 14:08

De gemeente Ljouwert hie kafee Cambuur net samar slute mocht. It kafee mei freedtejûn ek gewoan iepen wêze. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert freedtemiddei besletten. It kafee waard ferline wike woansdei sletten troch boargemaster Dales. It kafee sit tsjinoer it Cambuur-stadion.

Dales fûn dat it kafee te min die om rêddraaiers te warren. It kafee moast by 3 wedstriden ticht. De gemeente hat him lykwols net oan de regels hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)