PvdA: twifels oer ferkeap Nuon

06 okt 2006 - 11:39

De PvdA yn Provinsjale Steaten hat grutte twifels oer de ferkeap fan Nuon-oandielen oan de provinsje Noard-Hollân. Deputearre Jan Ploeg melde ôfrûne woansdei yn in gearkomste fan de Steaten dat Fryslân in akkoart mei Noard-Hollân hat oer dy ferkeap.

Fryslân krijt mei de ferkeap goed ien miljard euro. PvdA-fraksjefoarsitter Versteeg sjocht in probleem by it ûnderhâld fan it distribúsje-netwurk. Hy is bang dat dat in rommeltsje wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)