Slutende begrutting Dongeradiel

© Omrop Fryslân
Dongeradiel presintearret de ried in slutende begrutting foar de jierren 2008-2011. Foar 2007 is der noch in lyts tekoart, mar yn 2008 lit de begrutting in posityf resultaat sjen.
It kolleezje stelt de ried foar om yn 2007 jild te besteegjen oan útwreiding fan de tennisbanen fan Ternaard, de húsfesting fan muzykferiening DoMuKo en oan de brûkersfergunnings foar skoallen. De ried behannelet de begrutting op 9 novimber.