Auto te wetter by A6

06 okt 2006 - 10:07
Foto: Omrop Fryslân

In 30-jierrige man fan It Hearrenfean is yn de nacht nei freed mei syn auto yn it wetter njonken de A6 bedarre. Hy wie de kontrôle oer syn auto kwytrekke. Neffens de sjauffeur kaam dat troch in kombinaasje fan wynpûsters en akwaplaning.

De bestjoerder koe sels út syn auto komme en is mei mooglike ûnderkuollingsferskynsels en ûnbekende ferwûnings nei sikehûs De Tjongerskâns brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)