Boetes by frachtweinkontrôle

06 okt 2006 - 10:04
Foto: Omrop Fryslân

Dûane en plysje ha tongersdei fjirtjin prosessen-ferbaal útdield by in kontrôle fan frachtweinen by Surch. De frachtweinen wiene ûnder oare te swier beladen of net feilich beladen.

Ien bestjoerder hie net de fereaske brânblusser by him, wylst er wol gefaarlike stoffen ferfierde. Mei inoar waarden 36 frachtweinen kontrolearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)