Promoasje Doarpswurk sit derop

© Omrop Fryslân
De promoasjekampanje fan de hagelnije stifting Doarpswurk sit derop. Doarpswurk is in fúzje fan de Feriening Lytse Doarpen en de Stifting Doarpen fan Fryslân. Op fiid gearkomsten yn Fryslân hat de organisaasje har presintearre.
Doel fan de stifting is om doarpen en doapshuzen te stypjen. Yn Heech wie tongersdeitejûn de lêste gearkomste. Wethâlder Kanselaar fan Wymbrits sei dat er betrouwen hat yn de stifting.