VVD: haadkantoar KvK yn Ljouwert

De gemeente Ljouwert en de provinsje moatte der alles oan dwaan om it haadkantoar fan de Noardlike Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert te krijen. Dy oprop komt fan de VVD Fryslân en Ljouwert. De trije noardlike keamers fusearje ynkoarten, de kantoaren yn Grins, Assen en Ljouwert bliuwe earst.
De VVD is lykwols benaud dat er aanst mar ien haadkantoar iepen bliuwt en dat kin neffens de partij it beste yn Ljouwert komme te stean.