Suster wol werom yn kleaster

© Omrop Fryslân
De 75-jierrige suster Leontia út Wier by Berltsum hat tongersdei fia de rjochter yn Utrecht besocht werom te kommen yn it kleaster yn Amersfoort. Se is dêr 36 jier lyn fuortstjoerd.
Neffens har advokaat wie dat doe fanwege in rúzje oer it omruiljen fan in auto, mar de suster soe neat ferkeard dien ha. De advokaat fan kardinaal Simonis seit dat de suster de gelofte fan hearrigens brutsen hat. De rjochter docht oer 2 wike útspraak.