Berber v.d. Berg kopfrou
Turnster Berber_van_den_Berg is kopfrou fan de nasjonale ploech wurden. Normaal sprutsen is Suzanne_Harmes de kopfrou, mar sy is yn ferwachting. Lichelle_Wong docht mar oan ien ûnderdiel mei, omdat se in inkelblessuere hat.
Van_den_Berg moat folgjende wike op de Wrâldkampioenskippen mei fjouwer oare Nederlânske turners by de earste 24 einigje. Dan hat Nederlân noch útsjoch op de Olympyske Spelen yn 2008.