Aksje ûnfeiligens op skoallen

05 okt 2006 - 11:30

It fakbûn CNV komt yn aksje tsjin ûnfeilige situaasjes yn praktyklokalen op skoalle. Sifers fan de Arbeids- ynspeksje wize út dat dat nedich is. By 90 persint fan de skoallen is sprake fan ûnfeilige situaasjes.

Meastal is dat om't der gjin beskermingskapen binne op bewegende ûnderdielen fan masines. Neffens de Arbeidsynspeksje betsjut dat in risiko foar 11.000 learlingen. It CNV sil no gastlessen fersoargje op skoalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)