Frachtskip fêst yn Earnewâld

05 okt 2006 - 11:10
Foto: Omrop Fryslân

In grut frachtskip fol mei sân hat tongersdeitemoarn oardel oere lang fêstsitten yn it Siegersdjip yn Earnewâld. It skip wie ûnderweis tusken Ljouwert en Drachten, mar rekke oan de grûn.

Om't it in frij grut skip wie, koene oare skippers der net mear del. In boat fan it Fryske Gea dat tafallich lâns kaam, hat it frachtskip úteinliks wer fierder helpe kinnen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)