Brânskea oan hûs yn Hurdegaryp

20 mrt 2012 - 15:07

By in brân yn Hurdegaryp is de boppeferdjipping fan in hûs ferlern gien, it hûs sels rûn wetterskea op. De brân oan de Gaelekamp ûntstie oan it begjin fan de middei, mooglik troch skilderswurk.

De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei in neistlizzend hûs. By de brân is nimmen ferwûne rekke, in kat koe op 'e tiid út it hûs rêden wurde.

Trefwurden: 
brân Hurdegaryp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)