Auto yn 'e brân yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn de Plataanstrjitte yn Ljouwert is tongersdeitemoarn in auto yn flammen opgongen. Dat barde op de hoeke mei de Abeelstrjitte. De brân waard melden troch in buertbewenner. Hy waard wekker fan it auto-alarm.
De brânwacht hat it fjoer útmakke. De auto rekke swier skansearre. De oarsaak fan de brân is net bekend. De technyske resjerzje ûndersiket de saak.