Bedriuwsynbraken Dokkum oplost

05 okt 2006 - 10:25

Mei de oanhâlding fan in ynwenner (30) fan Dokkum tinkt de plysje sân bedriuwsynbraken yn de stêd oplost te hawwen. De man waard ferline wike tongersdei betrape doe't er besocht yn te brekken by in bedriuw oan de Hegediken.

Yn it ferhear bekende er ferantwurdlik te wêzen foar sân oare ynbraken. Hy hie dêrby benammen kompjûters meinaam. In part fan it stellen guod is by de fertochte thús werom fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)