Noch gjin beslút herbou Bilgaard

Der is noch altyd gjin beslút naam oer de mooglike herbou fan it ôfbaarnde winkelsintrum yn Bilgaard. De feriening fan eigners hat woansdei opnij mei inoar om tafel sitten om oer de takomst fan it sintrum te praten.
Grutste fraach is oft der folsleine nijbou pleegd wurde moat of herbou fan it âlde winkelsintrum. In ekstern buro hat no de opdracht krigen om yn de kommende fjouwer wike in neier ûndersyk te dwaan nei de bêste opsje.