Kommunikaasje populêre stúdzje

05 okt 2006 - 09:49

De NHL yn Ljouwert hopet dit jier de 10.000e studint yn te skriuwen. Der hawwe har dit jier 700 studinten mear ynskreaun by de hegeskoalle as ferline jier. Foar de oplieding kommunikaasje is yn trek. Dêr binne hûndert mear gadingmakkers foar.

Dat stúdzjeprogramma is fernijd, ûnder oare troch de nije spesjalisaasjes ynternasjonale kommunikaasje en sjoernalistyk. Oer in pear wike wurdt dúdlik hoefolle studinten der binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)