Ynformaasje oer trouwe mei boer

© Omrop Fryslân
De posysje fan froulju dy't troud binne mei in selsstannich ûndernimmer moat fersterkt wurde. Krekt dêrom hat de ôfdieling frou en bedriuw fan lânbou-organisaasje LTO Noard Fryslân fjouwer foarljochtingsbyienkomsten organisearre.
Froulju dy't troud binne mei in boer of mei in middenstanner, binne har faak net bewust fan har posysje. De earste byienkomst is woansdei 11 oktober by de Rabobank yn Ljouwert.